Histoaryske sprong Helmholt

28 jun 2014 - 18:03
  • Bart Helmholt

By de nasjonale kompetysjewedstriid fierljeppen yn Burgum hat Bart Helmholt sneon wûn mei in formidabele sprong fan 21.27 meter, de op ien nei fierste sprong út de histoarje. It betsjutte ek in nij skânsrekôr, dat waard mei ien sintimeter ferbettere. It twadde plak wie foar Thewis Hobma mei 20.24 meter en it brûns wie foar Jaco de Groot mei 20.14 meter.

By de froulju gie de titel nei Wendy Helmes fan IJsselstein mei 16.36 meter, dat wie trije sintimeter fierder as it âlde skânsrekôr fan Hiske Galama en foar Helmes in pr.

Dymphie van Rooijen waard twadde mei 15.94, Lisanne Hulder fan Burgum tredde mei 15.26. By de junioaren gie de titel ek nei de Hollanners, dêr wie Ricardo Faaij de bêste mei in sprong fan 18.39 meter. De Dryltsers Bobby Zwaagman en Jan Teade Nauta waarden twadde en tredde mei 17.54 en 17.48.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)