Histoaryske skâns werboud yn Fryske Peallen

26 nov 2014 - 14:25
  • Skâns yn Fryske Peallen
  • Skâns yn Fryske Peallen
  • Skâns yn Fryske Peallen

Yn Fryske Peallen is de skâns werboud dy't yn 1593 delset wie om de Friezen te beskermjen tsjin de Spanjerts yn de Tachtichjierrige Oarloch. Troch de jierren hinne wie it plak oergroeid troch bosk.

Hast it hiele doarp hat yn it spier west om dit stik histoarje wer op te bouwen. Tenei sille der aktiviteiten, lykas iepenloftspullen, hâlden wurde. Boppedat moat de skâns wat histoarysk besef oan foarbygongers jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)