Histoarysk sintrum krijt bysûnder skilderij fan stedsfeesten

18 apr 2016 - 17:51
  • Skilderij fan stedsfeesten yn 935: Ljouwert bestiet 500 jier
  • Anton de Jong by de oerdracht oan direkteur Geert de Vries fan it HCL

Histoarysk sintrum Ljouwert HCL hat moandei in bysûnder skilderij krige. It giet om it earste byld yn kleur fan de grutte stedsfeesten fan 1935. Op it skilderij is in optocht te sjen. Ferskate pommeranten út de stêd rinne mei.

Yn 1935 bestie de stêd fiifhûndert jier. In wike lang wiene der grutte feesten. Oant no ta hie it HCL allinnich mar swart-wyt bylden fan dy feesten. It HCL krijt it skilderij fan Anton de Jong. Syn heit hie it him neilitten. De Jong besleat om it te skinken oan it histoarysk sintrum.

It doek is skildere troch keunstner Hein Froonen. Hy wenne yn de jierren '30 fan de foarige iuw yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)