Histoarysk guod ynventarisearre

20 okt 2003 - 00:00

It wetterskip makket in ynventarisaasje fan kultureel-histoarysk guod. It wol dêrmei foarkomme dat weardefol guod út it ferline fan it wetterskip weirekket by de ferhuzing begjin desimber. It wetterskip giet dan werom fan seis nei fjouwer kantoaren.

Al it antike guod út de kantoaren wurdt nei de ynventarisaasje feilich opslein. Nei de ferhuzing wurde ek âlde gemalen en mûnen yn kaart brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)