Histoarysk doarp op Flaeijel

25 sep 2013 - 16:37
  • Tarieding Flaeijelfeest

In kompleet nij histoarysk doarp út 1920 is in opfallend ûnderdiel fan it Flaeijelfeest dat sneon yn Nijhoarne begjint. Noch net earder holpen safolle jongeren mei as frijwilliger om fan dit kultuerhistoaryske evenemint in sukses te meitsjen. Dêrmei hopet de organisaasje dat it feest ek op langere termyn takomst hat. It terrein wurdt ta ien grut iepenloftmuseum omtsjoend en dan moat it fol stean mei attraksjes en minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)