Histoarikus Wiebe Bergsma fan 'e Fryske Akademy ferstoarn

01 jul 2015 - 11:03
  • Bergsma, wat him typearre, mei in sigaar yn ’e mûle yn tinzen fersonken

Histoarikus Wiebe Bergsma fan 'e Fryske Akademy is ôfrûne snein hommels ferstoarn. Bergsma wie sûnt 1985 ferbûn oan 'e Fryske Akademy as histoarikus foar de iermoderne tiid. Hy lit neffens de Akademy in grut oeuvre fan likernôch santich titels nei. Dêryn steane de reformaasje yn Fryslân, iermoderne gelearden en stêdlike kultuer en hoflibben yn Ljouwert yn 'e tiid fan 'e Gouden Ieu sintraal.

Bergsma, berne yn Haulerwyk yn 1955, studearre yn 'e simmer fan 1981 ôf as kultureel antropolooch en histoarikus oan 'e Ryksuniversiteit Grins.

Hy wie ta lid beneamd fan 'e Fryske Akademy en fan 'e Maatschappij der Nederlandse Letterkunde. Dêrneist wie er as redakteur lange tiid ferbûn oan it Tijdschrift voor Nederlandse Kerkgeschiedenis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)