Histoarikus: "Plande steatsgreep Gerbrandy is typysk Frysk"

19 nov 2015 - 18:27
  • Gerbrandy

Histoarikus Cees Fasseur neamt de plande steatsgreep fan âld-premier Pieter Gerbrandy yn 1947 "typysk Frysk". Tongersdei waard bekend dat Gerbrandy fuort nei de oarloch besocht hat in steatsgreep te dwaan. Yn in nij boek fan sjoernalist Sytze van der Zee stiet dat er dat mei ûnder oare "Soldaat van Oranje" Erik Hazelhoff Roelfzema dien hat. Oanlieding wie it driigjend ferlies fan Nederlânsk Ynje. De steatsgreep mislearre.

Fasseur, dy't in biografy oer Gerbrandy skreau, fynt de 'couppoging' passen by it "dichterlik" aard fan Friezen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)