Hinneslachterij wurket koarter

29 sep 2003 - 00:00

Plomfeeslachterij Van der Meer yn Dronryp hat noch altyd lêst fan 'e fûgelpestútbraak, earder dit jier. Foar it personiel is foar de tredde kear wurktiidferkoarting oanfrege. Mooglik sil meikoarten in fjirde perioade fan 6 wiken folgje. It bedriuw slachtet inkeld âlde hinnen, mar dy komme op 't stuit noch net op 'e merk. Troch in grutte foarried yn de koelsel kin it bedriuw de klanten dochs betsjinje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)