Hinnen op Skier binne rêden

15 maaie 2004 - 00:00

De hin en de hoanne dy't foar oerlêst soargen op Skiermûntseach, binne rêden. Gaatske Wiersma fan de Fûgelpits nimt de bisten oer. De bisten rinne al in healjier los om by de legere skoalle en it âldereintehûs op it eilân. De bern en de âlderen jouwe de bisten te iten. By har wie ûnrest ûntstien oer it mooglike lot fan de bisten.

De hin en de hoanne binne freed oerbrocht nei de opfang fan Gaatske Wiersma yn Peazens Moddergat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)