Hingmatten foar toeristen

26 jun 2013 - 11:23
  • Hingmattetoerisme

Toeristen yn Súdeast Fryslân kinne oer in pear jier op in protte plakken in hingmatte yndûke. Foar in pear euro kinne je de kiste dêr't de matte ynsit iepenje en it spul útrôlje en fêstmeitsje. Je kinne der betiden sels yn oernachtsje as der in dak boppe sit. Tiisdei binne de earste hingmatten presintearre op 'e Gordyk oan de Brouwerswâl troch de stifting Toeristisch Netwerk Friese Wouden. Oer trije jier moatte it der sa'n 300 wêze op bysûnder lokaasjes.

De matten wurde makke yn Noardwâlde en hingje foar in in part tusken pealen mei in sinnepaniel dêr't je apparaten mei oplade kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)