Hingjeugd op staazje by plysje

21 mrt 2008 - 20:33

Hingjongeren yn Ljouwert moatte op wurkstaazje by de plysje. Dat wol de fraksje fan it CDA yn de gemeenteried fan Ljouwert. Yn Utrecht rint al sa'n projekt en it CDA tinkt dat it ek wol wat is foar Ljouwert.

Neffens de partij kin de plysje de hingjongeren goed brûke, om't de plysje altyd wol ferlet hat fan ekstra personeel. Boppedat nimt de oerlêst fan hingjongeren ôf troch de wurkstaazjes, tinkt it CDA

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)