Hingjende poppen op It Fean

12 jun 2010 - 17:00
  • Julien Jensen hinget in pop op (foto: Omrop Fryslân)

Op It Hearrenfean is op opfallende wize omtinken frege foar selsdeading. Studint Julien Jensen hat by it stasjon, by brêgen en skoallen libbensgrutte poppen ophongen. Dat die er nei't kunde himsels ophongen hie.

Jansen wol mear omtinken foar minsken dy't it swier hawwe en harsels tekoart dogge. Guon minsken wiene sjokkearre by it sjen fan 'e hingjende poppen. De measten poppen binne der troch de plysje nei in pear oeren weihelle. De aksje wie ek yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)