Hinder fan Sintrale As-publyk

19 sep 2014 - 16:51
  • It gat foar de Sintrale As by Damwâld
  • Frou Hiemstra sjocht út op it gat fan de Sintrale As
  • De pleats fan de Hiemstra's stiet hiel ticht by it gat

Sa hawwe gjin klachten oer de oanlis fan de Sintrale As by harren foar hûs. Mar de famylje Hiemstra út Damwâld hat der no wol hinder fan. Alle dagen komme kloften minsken op it hiem en yn 'e tún om te sjen hoe't it mei de bou giet. En dat steurt. Moarns om alve oere is it spitsoere yn de tún fan Gerda Froukje en har man Lieuwe Klaas.

De minsken komme benammen foar it grutte gat dat groeven wurdt foar nije dyk. De Hiemstra's wolle graach wat mear privacy. Se freegje besikers om fuort te gean, mar dat helpt oant no ta net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)