Hinder brêge Spannenburch

25 jul 2009 - 11:34

It ferkear op de N354 sil noch wiken lang hinder ûnderfine fan de stikkene brêge by Spannenburch. Op 10 juli botste der in skip tsjin de brêge. Derby rûn de brêge oan de noardkant swiere skea op. Derom is der mar ien rydbaan beskikber. Ferkearsljochten regelje it ferkear. Ek sit der wer in brêgewachter, der't de brêge normaal sprutsen op ôfstân betsjinne wurdt.

De provinsje advisearret minsken om fia De Jouwer as De Lemmer om te riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)