Himpplanten en -stekjes fûn

19 sep 2009 - 14:18

Nei oanlieding fan it ûndersyk nei de relskoppers fan de fuotbalwedstriid Cambuur-Roda JC earder dit jier hat de plysje freed yn in wente yn Ljouwert acht himpplanten en sa'n trijehûndert stekjes oantroffen.

De relskopper waard ek oanholden, tegearre mei in 30-jierrige ynwenster út Ljouwert, dy't ek yn de wente oanwêzich wie. De himpplanten binne yn beslach naam. Beide fertochten hawwe in proses-ferbaal krigen. De man kin sels in dûbele straf ferwachtsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)