Himpplanten dumpt by Appelskea

15 jun 2006 - 17:23

Steatsboskbehear hat yn it Drents-Friese Wold by Appelskea 32 pûden mei himpplanten ûntdutsen, dy't dêr dumpt wiene. It gong om hûnderten planten. It guod waard dizze wike fûn op in parkearterrein yn de bosk oan de Canadawei.

Der siet ek noch grûn yn de pûden. Boskwachter Joop Tiemens fan Steatsboskbehear yn it gebiet hat soks noch nea earder meimakke. Wol wurdt der geregeld túnôffal stoarten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)