Himpplantaazjes yn oplizzers

11 apr 2012 - 13:55

De plysje hat woansdei oan de Neptuneswei yn Ljouwert himpplantaazjes yn twa oplizzers oprôle. Dy oplizzers stiene parkearre yn in loads yn de strjitte. Yn beide oplizzers stienen sa'n 500 planten. Wat dêr de wearde fan is, is noch net bekend. De plysje wie der krekt op 'e tiid by, want de eigners fan de plantaazje binne noch net oan rispjen takaam.

Ek op twa oare plakken yn Ljouwert binne woansdei twa himpkwekerijen oprôle. Ien oan de Marswei en de Ikestrjitte. Mei-inoar hat de plysje Fryslân in lytse twatûzen wytplanten fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)