Himpplantaazje yn Sint Jabik

08 maaie 2008 - 10:37
  • Boaze hoanne set plysje op spoar

De plysje hat woansdei yn Sint_Jabik in hennepplantaazje oprôle. Yn in wenning oan de Van_Wyngaardenstrjitte ûntduts de plysje 250 himpplanten yn de tún nei klachten oer in agressive hoanne dy´t dêr yn de tún omrinne soe.

Doe´t se ek de wenning ûndersochten, fûnen de aginten in kwekerij mei hast 600 planten. Alle planten binne ferneatige. De bewenner fan de wenning, in 51-jierrige man, wie net thús. Hy wurdt noch as fertochte heard troch de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)