Himpplantaazje yn Ljouwert

27 aug 2014 - 13:57

De plysje hat yn in âld bedriuwsgebou oan de Oostergrachtswal yn Ljouwert in himpplantaazje oprôle. De trije minsken dy't yn de plantaazje wiene, binne oanhâlden. It giet om in man fan 33 út Ljouwert, in frou fan 47 út Frjentsjer en in frou fan 71 út Ljouwert. De trije wienen dwaande mei it knippen fan himptoppen. Dat diene se yn in romte dêr't sa'n 200 planten stienen. Yn in oare romte fûn de plysje 125 stiks. De stroom foar de plantaazje waard yllegaal ôftape. De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei klachten oer stankoerlêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)