Himpplantaazje yn Aldeberkeap

08 mrt 2007 - 10:23

De plysje hat woansdei yn Aldeberkeap in profesjonele himpplantaazje oantroffen. Yn it eardere molkfabryk yn it doarp stiene goed 250 plantsjes en 20 kilo ferwurke materiaal.

Wat krekt de wearde fan de himp is is noch net dúdlik, it giet yn elts gefal om inkelde tsientûzenen euro's. De plysje kaam de kwekerij op it spoar troch in tip. Der binne noch gjin minsken oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)