Himpplantaazje fûn yn Boyl

12 aug 2009 - 10:53

De plysje hat tiisdeitemiddei in himpkwekerij yn Boyl leechhelle. Yn in skuorre en hynstestâlen fûn de plysje weedplanten en de nedige apparatuer om in kwekerij op te setten.

De plysje hat 21 doazen mei elk 100 weedplantsjes en ferskate apparaten yn beslach naam en ferneatige. In ynwenner (38) fan Assendelft is oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo yn ferbân mei dizze saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)