Himpkwekers moatte ton betelje

28 jan 2013 - 15:16

Fan de eigeners fan de himpkwekerij yn Suwâld, dy't ferline wike ûntromme waard, wurdt 100.000 euro oan fertsjinsten troch kriminele aktiviteiten weromfoardere. De plysje romme doe in kwekerij mei mear as 1000 planten op, dy't ûnder mear yn de lege jarrekelders fan lisboksstâl stiene. De bewenners, in man(38) en in frou(34), waarden oanhâlden. Ek yn Ljouwert waard in fertochte (52) oanhâlden.

De plysje hat útrekkene dat de fertochten mear as hûnderttûzen euro mei de himpkwekerij fertsjinne ha en foarderet dat bedrach wer werom.

Ek binne in BMW X5, in skooter en in sportfyts yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)