Himpkwekerijen oprôle yn Snits

12 nov 2005 - 09:03

De plysje hat yn Snits fiif himpkwekerijen oprôle. De wytplanten stien yn wenhuzen. Haadfertochte is in 46-jierrige man fan Snits. Hy sette planten en apparatuer yn oerlis mei de bewenners op sliepkeamers en souders.

De bewenners krigen dan de helte fan de opbringst. Al mei al bin der fiifhûndert planten yn beslach naam. Dy binne ferneatige, lykas ek de apparatuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)