Himpkwekerij yn Sealen Schaaf

13 jan 2006 - 14:24

De plysje hat moandei in grutte himpkwekerij fûn yn Muzieksintrum Schaaf yn Ljouwert. It giet om in profesjonele kwekerij fan rûchwei 1000 planten. Trije minsken binne oanhâlden yn ferbân mei de fynst.

It giet om de eigner (60) út Hurdegaryp, syn kollega (57) út Ljouwert en noch in tredde man (60), ek út Ljouwert. De boekhâldeksamens dy't yn Sealen Schaaf plakfine soene, wurde ferpleatst nei Post Plaza.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)