Himpkwekerij yn Poppenwier

22 aug 2014 - 10:00

In 38-jierrige ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân is troch de plysje oanhâlden op fertinking fan it kweken fan himp. Yn in lisboksstâl yn Poppenwier is in kwekerij mei 200 planten oantroffen. De plysje rûkte by de buorkerij in sterke himpgeur.

De fertochte is foar ûndersyk fêstsetten. De kwekerij wurdt ûntromme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)