Himpkwekerij yn oanbou opromme

26 jun 2013 - 10:03
  • Himp

Nei't de plysje in melding krigen hie fan in man dy't net goed wurden wie, is yn in wenning oan de Amaliastrjitte yn Snits in himpkwekerij oantroffen. It gie om in lytse kwekerij yn oanbou, alle planten en apparatuer binne yn beslach nommen. De bewenner wie op it stuit dat de plysje kaam net thús. Wol hat er telefoanysk kontakt mei him west. Hy sil letter dizze wike ien en oar útlizze moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)