Himpkwekerij yn Haule oprôle

20 mrt 2001 - 00:00

De Fryske plysje hat trije ynfallen dien yn wenningen yn Donkerbroek en Haule. In in himpkwekerij mei 170 planten waard yn Haule oprôle. De apparatuer is ek meinommen. Yn Donkerbroek waarden 700 planten oantroffen.

De plysje hat trije fertochten (52, 32 en 30 jier) út Haule oanhâlden en ynsletten. De Grinzer plysje die tagelyk ynfallen yn Hoogezand en Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)