Himpkwekerij yn Harns oprôle

03 des 2001 - 00:00

De plysje hat snein yn Harns in himpkwekerij ûntdutsen. De wente oan 'e Foarstrjitte soe yn 'e brân stean. Der hong in brânlucht, mar de bewenner woe de plysje der earst net ynlitte. Letter moast er wol.

De thúskweker hie 1300 himpplanten dy't mei de kweekapparatuer yn beslach nommen waarden. Boppedat tape de Harnser yllegaal stroom ôf. Hy is oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)