Himpkwekerij yn Easterwâlde

05 mrt 2014 - 11:26
  • De himpkwekerij siet boppe in pizzeria

De plysje hat tiisdeitemiddei in 39-jierrige man út Deventer oanholden dy't in himpkwekerij yn Easterwâlde hie. Yn in gebou oan de Stipepassage boppe de pizzeria fûn de plysje goed 200 himpplanten.

De planten binne yn beslach naam en ferneatige. De 39-jierrige Deventenaar sit noch fêst op it buro foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)