Himpkwekerij yn Easterwâlde

22 maaie 2013 - 13:57

Op de Hooge Esch yn Easterwâlde hat de plysje woansdeitemoarn yn in wenning in himpkwekerij oprôle. De plysje kaam de kwekerij op it spoar fia eigen ûndersyk. Yn it hûs stienen 100 stekken en 37 planten.
De 49-jierrige ynwenner is oanhâlden en wurdt heard. De planten en apparatuer binne yn beslach nommen. Tsjin de fertochte is proses-ferbaal opmakke. Ek in oare bewenner is heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)