Himpkwekerij yn Easterstreek

30 aug 2011 - 10:03

Yn in skuorke by in wenning yn Easterstreek is moandei in himpkwekerij ûntdutsen troch de plysje. Dat barde min of mear by tafal, omdat de plysje eins oproppen wie fanwege in rûzje. Doe't de plysje oan it bemiddeljen wie by de rûzjemakkers waarden de 337 planten mei kweekapparatuer ûntdutsen.

It spul is yn beslach nommen. Der wurdt noch ûndersyk dien nei de eigner fan de kwekerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)