Himpkwekerij yn Drachten

12 jul 2013 - 11:26

In himpkwekerij yn in hûs oan de Tunen yn Drachten is tongersdei troch de plysje ûntmantele. De plysje kaam de kwekerij op it spoar troch de skerpe himplucht dy't om it hûs hong. Binnen wie in kwekerij mei 168 himpplanten. Apparatuer en planten binne yn beslach naam en ferneatige. De 43-jierrige bewenner is oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. De auto fan de man is yn beslach naam. Hy hat proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)