Himpkwekerij yn Drachten

10 okt 2012 - 10:03

In Drachtster (40) is tiisdei oanhâlden op fertinking fan it meitsjen fan softdrugs. De plysje kaam de himpkwekerij op it spoar doe't se dwaande wiene mei in previnsje-aksje tsjin wenningynbraken. Yn de bykeuken fan in hûs oan de Warande rûkten se in sterke himplucht. Der stiene 50 planten. Dy binne mei de apparatuer yn beslach naam. De man hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)