Himpkwekerij yn Aldehaske

18 feb 2009 - 09:59

De plysje hat yn in hûs oan de Jousterwei yn Aldehaske in himpkwekerij oprôle. It giet om in kwekerij mei goed twahûndert planten. Dy binne, krekt as de byhearrende apparatuer, yn beslach naam.

De plysje ûndersiket noch oft in partij merkartikels dy't yn it hûs fûn waard wol echt is. It giet dan om broeken, shirts, parfum en horloazjes. De bewenners fan it hûs, fan 44 en 54 jier âld, binne fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)