Himpkwekerij ûntdutsen

15 apr 2003 - 00:00

De brânwacht hat in himpkwekerij mei 2000 planten ûntdutsen by it blussen fan in brân yn Ljouwert. De brân bruts út yn in loads achter de wenten oant de Huzumerleane.

De brân wie nei alle gedachten ûntstien troch koartsluting. De himpplanten en de apparatuer binne yn beslach nommen. De eigner fan de loads, in 45-jierrige Ljouwerter, moat noch heard wurde troch de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)