Himpkwekerij ûntdekt troch brân

17 nov 2003 - 00:00

Op de souder fan in hûs oan de Paulus Potterstrjitte yn Ljouwert hat moandeitemoarn brân west. De plysje ûntduts by ûndersyk nei de brân in himp-kwekerij op de souder.

De brân is ûntstien troch koartsluting, nei alle gedachten yn de sekeringskast fan de kwekerij. De 83 himpplanten op de souder binne ferneatige. Alles wat fierder by de kwekerij hearde, is troch de plysje yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)