Himpkwekerij Stiens ûntmantele

22 mrt 2012 - 10:26
  • Himp

Oan it Noarderfjild yn Stiens is woansdeitemiddei in himpkwekerij fûn troch de plysje. Der stiene 1000 planten en de stroom waard yllegaal ôftape. Der is net ien oanhâlden.

De plysje kaam de kwekerij op it spoar troch anonime meldings en eigen ûndersyk. De planten binne ferneatige en de apparatuer is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)