Himpkwekerij Sint Anne oprôle

23 maaie 2013 - 11:59

Twa ynwenners fan Frjentsjer binne yn Sint Anne oanhâlden omdat se in himpkwekerij hiene yn in bedriuwgebou oan de Wissel. De plysje hie hjiroer in tip binnen krigen.

Yn it gebou waard it duo betrape doe't se drok dwaande wiene mei it topjen fan de himpplanten. Der stiene goed 300 planten en de stroom waard yllegaal ôftape. Alle himp en de apparatuer is yn beslach nommen en ferneatige. De fertochten binne oerbrocht nei it plysjeburo. Ut ûndersyk waard dúdlik dat de eigener fan it gebou neat mei de kwekerij te meitsjen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)