Himpkwekerij oprôle yn Harns

17 apr 2013 - 17:57

De plysje hat woansdeitemiddei yn in romte achter de kringloopwinkel oan de Fjouwerkantsdyk yn Harns in himpkwekerij fûn. Der stiene 201 planten en dy binne mei de apparatuer yn beslach nommen en ferneatige.

De eigener fan it gebouw ferklearre dat hy de romte ferhierd hie. De stroom waard net yllegaal ôftape. De plysje hat ûndertusken de hierder opspoard en dy sil meikoarten heard wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)