Himpkwekerij oprôle yn Drachten

12 maaie 2015 - 12:23
  • Himp

De plysje yn Drachten hat moandeitemoarn in himpkwekerij by in wenning oan de Folgeren oprôle. De 50-jierrige bewenner is oanhâlden. Syn auto en motor binne yn beslach naam, om't dy nei alle gedachten betelle binne mei de opbringst fan de kwekerij.

De plysje hie in tip krigen dat by it wenhûs in kwekerij wêze soe. De plysje ûntduts de hûndert planten en apparatuer. Alles is ferneatige. De twa oare bewenners binne ek oanhâlden, mar mochten letter wer nei hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)