Himpkwekerij oprôle De Knipe

11 apr 2009 - 13:18
  • Himpkwekerij oprôle

Oan de Dominee Veenwei yn De Knipe is freedtemiddei in himpkwekerij oprôle. Yn in garaazje njonken in wenning trof de plysje 350 planten oan. De planten en de apparatuer binne yn beslach nommen.

Ek die bliken dat de stroom yllegaal ôftape waard. De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei oanlieding fan in melding fan 'Meld Misdaad Anoniem'. De 24-jierrige eigner fan de garaazje is oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)