Himpkwekerij op It Hearrenfean ûntdutsen

25 des 2015 - 10:24

Op It Hearrenfean hat de plysje tongersdeitenacht in himpkwekerij ûntromme. De plysje krige in melding fan wetteroerlêst by in flat oan de President Kennedylaan. It die bliken dat yn ien fan de keamers fan in wenning in kwekerij siet mei goed 150 planten. De fertochte, in 37-jierrige Feanster, wie yn it hûs en is oanhâlden. Hy is meinaam en sil heard wurde. De apparatuer is yn beslach naam en de planten wurde ferneatige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)