Himpkwekerij op It Hearrenfean

25 mrt 2007 - 15:43
  • Himpblêd

De plysje hat sneontenacht in weedkwekerijke ûntdutsen oan de Vermeerstrjitte op It Hearrenfean. Bewenners fan de flat hiene melding dien fan wetteroerlêst.

In bewenner (26) liet de plysje frijwillich binnen yn syn appartemint. Dêr trof de plysje 122 himpplanten oan en de nedige apparatuer. By it wetterjaan wie der wat misgong wêrtroch de wetteroerlêst ûntstien wie. De bewenner is oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)