Himpkwekerij op 'e Lemmer

06 jul 2009 - 10:01

De plysje hat yn 'e nacht fan snein op moandei in himpkwekerij oprôle yn in wenning yn de Parkstrjitte op 'e Lemmer. De ûnromming barde nei in tip oer de yllegale kwekerij. Yn de wente trof de plysje 260 planten oan. Fierders stiet yn meardere keamers kweekapparatuer.

In 31-jierrige ynwenner fan 'e Lemmer is oppakt. Hy sit fêst op it plysjeburo foar fierder ûndersyk. De himpplanten en de apparatuer wurde ferneatige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)