Himpkwekerij op De Gordyk oprôle

10 des 2014 - 13:35

De plysje hat tiisdei in himpkwekerij oprôle yn in hûs oan de Mouterij op De Gordyk. Der stiene 86 planten yn de kwekerij, dy't draaide op yllegale stroom. Fierder waard der yn it hûs in stroomstjitwapen, in pear gram kokaïne en in flesse GHB fûn. Alle guod is yn beslach nommen en de kwekerij is oprêden.

Tsjin de 29-jierrige bewenner is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)