Himpkwekerij Ljouwert oprôle

23 apr 2014 - 12:20

De plysje yn Ljouwert hat tiisdeitejûn fiif manlju oanhâlden dy't oanwêzich wiene yn in himpkwekerij oan de Gerbrandystrjitte. Buorlju hiene klage oer wetteroerlêst. Dat wetter kaam fan de kwekerij boppe harren. De stroom foar de kwekerij waard yllegaal ôftape.

De manlju fan 23 oant 31 jier komme út Ljouwert, Snits en Katwijk. Se sitte noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)