Himpkwekerij Ljouwert oprôle

27 aug 2009 - 10:26

De plysje hat tiisdei in himpkwekerij oan de Hanenburg yn Ljouwert oprôle nei in anonime tip. Yn it hûs troffen plysjes hast 400 himpplanten oan. Ek fûnen se munysje yn de wenning. De elektrisiteit foar de kwekerij waard yllegaal ôftape.

Alle apparatuer, de planten en de munysje binne yn beslach naam. De fertochte, in 37-jierrige Ljouwerter, is oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo. Tsjin him is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)