Himpkwekerij Ljouwert oprôle

01 mrt 2012 - 10:07
  • Himpkwekerij

Yn in gebou oan de Foarstreek yn Ljouwert hat de plysje tongersdeitemoarn in himpkwekerij oprôle. De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei oanlieding fan anonime tips. Doe't de plysje it gebou binnen gie waard in 22-jierrige man oantroffen. Hy is oanhâlden en nei it plysjeburo brocht.

Yn de himpwekerij stiene goed 400 plantsjes. Dizze binne meinommen. Neist it gebou waard ek noch in stellen fyts oantroffen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)