Himpkwekerij Ingwierrum oprôle

30 aug 2013 - 11:20

Yn in wenning oan de Dobbe yn Ingwierrum hat de plysje tongersdei in himpkwekerij oprôle. De plysje wie tipt oer de kwekerij mei goed 700 planten stiene. Alle planten binne meinaam en ek de lampen dy't foar de kweek brûkt binne. De hierder fan de wenning, in man fan 34 jier út Hoogeveen, melde him nei de romming sels by de plysje. De man is fertochte en wurdt heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)