Himpkwekerij Holwert oprôle

29 jun 2004 - 08:57

De plysje hat moandei yn Holwert in himpkwekerij oprôle. Yn in pleats oan de Miedwei waarden 2300 hast folgroeide wietplanten fûn. De eigner, in man fan 30 mei de Sweedske nasjonaliteit, is oanhâlden. Hy hie him ferstoppe achter in krûpromte achter syn sliepkeamer. Nei't de plysje wat hearde, is er fûn.

De man wurdt heard. De plysje wol net sizze hoe't se him op it spoar kommen binne. It soe om in profesjonele kwekerij gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)